Seehûne-opfang Skylge kin drokte net oan, gûlers oerpleatst

Seehûnesintrum Pieterburen hat de needopfang foar seehûnen iepene nei de stoarm mei de krystdagen. Fyftjin 'gûlers' komme fan de krekt iepene opfang op Skylge. In soad fan de grize seehûnepups wiene op it eilân bedarre nei de stoarm fan de ôfrûne dagen op de Waadsee.
De opfang op Skylge koe de drokte net oan en dêrom binne se nei Pieterburen oerbrocht. Gewoanwei bliuwe grize seehûnepups de earste wiken fan harren libben op it fêste lân en lit de mem harren lange tiid allinne.
Soms ite de jonge seehûntsjes skoften net foardat se sels it wetter yn gean. Seehûnesintrum Pieterburen komt mei in foarljochtingskampanje om net nedige opfang foar te kommen. Yn prinsipe moatte de jonge seehûnen harsels rêde kinne as se yn it wetter swimme.