Miljeustrjitte gemeente Ljouwert hat 100.000e besiker

Miljeustrjitte © Omrop Fryslân, Annagreet Miedema
De gemeente Ljouwert hat krekt foar de jierwikseling de 100.000e besiker oan de miljeustrjitten krigen. Omrin hat miljeustrjitten yn de gemeente: yn Ljouwert oan de Greunswei en yn Grou oan de Oedsmawei. Partikulieren kinne by de miljeustjritten fergees húshâldlik ôffal kwyt. Pún en oar sloopôffal kinne se trije kear jiers fergees ynleverje. Dêrnei moat dêrfoar betelle wurde.
De gemeente stribbet dernei dat it ôffal safolle mooglik skieden ynlevere en ferwurke wurdt.