Blog: We sille nei Sweden!

24 maaie 2012 - 15:21

Ja, it giet oan. Snein stappe Sippy en ik yn 'e auto en ride we nei Sweden. We sille in rige fan minimaal 10 programma's opnimme foar it radioprogramma Buro de Vries. In rige dy't dizze simmer útstjoerd wurdt.

Wat sille wy yn Sweden dwaan? We sykje Fryske emigranten op. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen.

De ôfrûne wiken ha we in soad belle en maild mei ferskillende Friezen om utens yn Sweden. Entûsjaste ferhalen oer de romte en de moaie natoer. De bern dy't it der sa nei it sin hawwe en dat it sa genietsjen is by it simmerhúske oan de mar. Mar ek ferhalen oer dat it dreech wie der tusken te kommen of dat it tsjin falt wurk te finen. En soms is de ûnwennigens der tuskentroch te hearren.

Uteinlik ha we in kar makke. Dit ha we dien op basis fan tema en tiid. Wat is foar ús helber yn 10 dagen: de ôfstannen binne yn Sweden dochs wat oars as hjir. En op tema omdat we ek oan ferskillende aspekten fan it lân omtinken jaan wolle, lykas it ûnderwiis, de ekonomy, de sûnenssoarch ensfh.

We sille op dizze blog regelmjittich berjocht dwaan fan ús rûnreis en avontoeren yn Sweden. No earst noch even wat lêste saken regelje. De tas ynpakke en dan snein op nei Sweden!

Groeten,

Aukje

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)