Gjin spoar Hearrenfean-Grins

24 maaie 2012 - 12:15

Freed wurdt dúdlik oft de spoarline tusken It Hearrenfean en Grins der komt of net. De kâns is grut dat de provinsjes Fryslân en Grinslân in streek helje troch de plannen dy't hast 700 miljoen euro kostje. Dat hawwe ferskate boarnen oan Omrop Fryslân befêstige.

Drachten komt dêrmei definityf net oan it spoar te lizzen. De provinsjes Fryslân en Grinslân en de oanbelangjende gemeenten prate freed oer de spoarline.

De treinferbining tusken It Hearrenfean en Grins soe betelle wurde moatte út it jild dat it Noarden krigen hat as kompensaasje foar it net trochgean fan de Suderseeline.
De Christen Unie is benaud dat it Ryk it jild werom easkje sil no't de spoaarline net trochgiet. De VVD sjocht yn dat foaral Drachten de ferliezer is en wol dat plak kompensearje. De PVV fynt dat de miljoenen dy't no beskikber komme op mear terreinen ynset wurde moatte as allinnich ynfrastrukturele projekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)