Plan nije Lawei presintearre

24 maaie 2012 - 10:50

Arsjitekteburo Jonkman/Klinkhamer út Amersfoort hat tongersdei de makette fan de ferbou fan skouboarch De Lawei en keunstesintrum De Meldij yn Drachten presintearre. Beide ynstellings moatte yn septimber 2014 ûnder ien dak komme. Foar goed 17,5 miljoen euro sil dêrom De Lawei renoveare en útwreide wurde. De gevel wurdt oanpast en der komt in ekstra ferdjipping foar kantoaren fan beide kultuer-ynstellings.

Begjin takom jier moat de ried fan Smellingerlân noch te set oer it fer- en nijboufoarstel.

De arsjitekt achter de plannen hat resint ek wurke oan de útwreiding fan de Amsterdamske Stedsskouboarch en Melkweg.

Trefwurden: 
Lawei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)