Willem Alexander by Wetsus

24 maaie 2012 - 10:30

Prins Willem-Alexander brocht tongersdeitemoarn in besite oan wettertechnologysintrum Wetsus yn Ljouwert. De prins krige útlis oer wat Wetsus docht en makke in rûnlieding troch it gebou. De prins sei ta dat er syn kontakten mei de Bill Gates Foundation oansprekke sil om it wurk fan Wetsus ûnder de oandacht te bringen.

Wetsus ûntwikkelet systemen om wetter te besparjen of om wetter op te wekken. Dat kin wichtich wêze foar kwetsbere gebieten yn Afrika.

De miljardêr en filantroop Gates siket nei sokke ynstruminten foar syn helpprojekten.

Trefwurden: 
Wetsus Willem-Alexander
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)