Wol op Snitser skoalplein: boete
De plysje yn Snits hat moandeitejûn seis minsken in boete jûn om't se op it skoalplein fan de Zwetteskoalle wienen. Dat mei net. De plysje hâldt ekstra kontrôles op en om it skoalplein om't dêr de lêste wiken meardere meldingen west hawwe fan oerlêst en fernielingen.