Kollum: "En de winner is..."

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Men kin in hiele protte sizze oer sosjale media en facebook yn it bysûnder. Feit is dat in hiel soad minsken it brûke. Dêrmei is it sosjale platfoarm in spegel fan de maatskippij. Letterlik alles komt foarby oan sentimint. Foar’t men it wit sjocht men bygelyks streekrjocht yn in wiid iepenspjalt geboartekanaal fan de frou fan in freon, dy’t ús op dy wize dielgenoat makket fan de berte fan syn soan. En dan mei men de hantsjes noch tichtknipe dat dy freon net ‘live’ gien is. Of dat men ûnferwachts yn in diskusje belânet dêr’t men neat yn te sykljen hat, mar toch yn behelle wurdt troch in losse opmerking. Sa’n diskusje dy’t steefêst neffens de wet fan Godwin ferrint: hoe langer it duorret, hoe grutter de kâns op in fergelykjen mei Hitler of de nazi’s.
De kritikasters sizze dat facebook in soarte fan digitale quick-fix is, in ienheidswoarst sûnder ferbûnens. Wat dat lêste oangiet binne myn eigen ûnderfinings oars. Firtuele freonskippen kinne wis wol útrinne op echte freonskippen. Men kin wis wol belutsen reitsje by minsken dy’t men earst net koe, en der kin wier wol echte ferbûnens ûntstean.
Dyselde kritikasters beweare dat facebook in geastdeadzjend medium is, mar ek wat dat oangiet binne myn eigen ûnderfinings oars. Foarich jier hie ik bygelyks yn dizze snuorje in oprop dien om in ultrakoart krystferhaal fan fiif rigels te skriuwen. Eins foar de grap, mar de reaksjes wiene sa oerweldigjend dat it úteinlik in prachtich barren waard mei in grut ferskaat oan nijsgjirrige bydragen. De winner krige in flesse wyn dy’t nota bene troch in fan fan de aksje beskikber steld wie. En fansels waard de priis persoanlik oerlange. Kreativiteit en ferbûnens.
Op oanstean fan guon minsken ha wy it dizze loop wer dien, en mei itselde oerweldigjende risseltaat. De betingsten wiene gelyk: fiif rigels en in linkje mei de kryst. Sels de haadsponsor fan foarich jier luts wer oan de bel, en kaam no mei twa flessen wyn del, read en wyt. ‘Kinne se kieze,’ wie it begeliedend kommintaar. Sa moai kin it wêze. En om jim in idee te jaan lês ik jim de priiswinnende ynstjoering fan dit jier foar:
‘De tradisjonele wip-ûnder-de-beam rûn dit jier út op skrinende splitterichheid. Wie dizze aksje, ea útfûn as spannende stikemens tidens heit en mem harren tsjerkegong, ôftakke en wie de opwining yn de rin fan de jierren weirekke? Mar dêr heistere hy út de keuken mei twa glêzen Chardonnay, klaaid yn in mei LED ferljochte string dy’t it sulveren krolhier glinsterje liet ta in feestlichem. De eagen fol niget fonkelen en skynden it sigerige lege-nêst steechje yn mei in gleon, helder ljocht. Wy siigden del op de waarme fleece en ringen letten lûd de klokken fan moed en betrouwen de keamer yn mei in einleas jubeljend klingelklangeljen.’
Mei tank oan Marineke van der Zijpp, de winner fan 2016. Alle bydragen, dêr’t folle mear pearels tusken sitte, binne trouwens yn de rin fan de dei werom te finen op facebook/willemschoorstra.
Moraal fan dizze kollum: men moat der sels it bêste fan meitsje. En lit ús dat ek yn 2017 dwaan!"