Drachtster piraten draaie plaatsjes foar goed doel

Plaatsjes draaie yn in radiomaraton oan de ein fan it jier is suver tradysje op in soad plakken. Dochs bart it de lêste jierren minder. Twa jier lyn hold bygelyks it ferneamde Krystteam Tsjom der noch mei op.
It Drachtster Piratenteam brûst gewoan troch. Earder fan 'e wike noch mei in grut piratefestival en oant 30 desimber mei non-stop radio. Mei ûnder mear 'De Metselaar' en 'De Witte Vogel' wie it in feestje yn de tydlike studio yn Drachten. En ek thús foar de harkers oan de radio, want der waarden omraak plaatsjes oanfrege.
Wêr't de opbringst dit jier hinnegiet, wurdt letter bekend makke. Ferline jier gie der 2500 euro nei de Ronald MacDonaldhoeve yn Beetstersweach.