"Ted Meines hie soarch foar feteranen yn 't bloed"

De sneon ferstoarne luitenant-generaal Ted Meines siet de soarch foar feteranen yn it bloed. Dat seit Jaap Hoogsteen, sekretaris fan de Stichting Indië-Monumint Friesland. Neffens Hoogsteen is de soarch om it lot fan de soldaat by Meines ûntstien yn de Twadde Wrâldoarloch doe't er yn it ferset siet en letter doe't er as beropsmilitêr nei Ynje gong. Ek syn hechte freonskip mei prins Bernhard hat in grutte rol spile.
Meines stie yn 1988 oan de widze fan de Stichting Veteranen Platform. Mei troch syn bemuoienis en ynset ûntstie yn 2005 de Nederlandse Veteranendag en yn 2012 de Veteranenwet. Hy waard troch de militêren de Vader der Veteranen neamd. Meines is 95 jier wurden.