Wurk by tunnel: N381 tongersdeitejûn tydlik ôfsluten

(argyffoto) © ANP
De N381 is no tongersdeitejûn en -nacht by Easterwâlde ôfsletten foar it ferkear. Dat is nedich yn ferbân mei de tunnel Tsjusterewei. Der wurde nije oanslutings makke. Dêrtroch is de wei tusken de ôfslach Easterwâlde-Noard en de ovonde Easterwâlde-Súd (Venekoten) ticht. It ferkear wurdt omlaat. Freedtemoarn om seis oere moat it wurk klear wêze en kin it ferkear wer gewoan trochride.
De tunnel Duistereweg is ein febrewaris klear, sa is it plan. Dan kin it ferkear dertroch.