Plysje siket fertochte frou yn Beetstersweach

Burgernet © Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei in frou yn Beetstersweach. Dat hawwe se op de jûn fan earste krystdei bekend makke fia Boargernet. De frou soe har fertocht opholden hawwe yn de Van Boelensleane yn it doarp.
De frou is tusken de 20 en 40 jier âld en se hat swart heallang hier. Se is 1.50 à 1.60 meter lang, hat in foars postuer en in reade rôk oan. Opfallend wie dat se in kessen yn 'e hân hie. Minsken dy't de fertochte frou sjoen hawwe, kinne belje mei de plysje.
De plysje is ekstra wach, omdat yn Van Boelensleane koartlyn ynbrutsen is. Dat barde tusken tongersdeitemiddei tolve oere en sneontemiddei healwei fjouweren. Der is net bekend oft en wat der stellen is út de wente. De Plysje East-Fryslân meldt ek noch twa oare ynbraken yn dyselde snuorje. Dat wie beide kearen yn Lippenhuzen. Tusken tongersdeitemiddei fiif oere en freedtemoarn healwei tsienen hawwe ûnbekenden besocht in hûs oan de Dotterblom yn te kommen. Dat mislearre. En sneon hat der in ynbraak west yn in wente oan de Marten Janswei.