Yn Elslo wolle de minsken allinne betiid te kuierjen

© Pleatslik Belang Elslo
Om kertier oer tolven binne yn Elslo de lêste kuierders oan de jierlikse krystkuier begûn. Oare jierren koene se ek letter op de middei noch oan de tocht begjinne, mar dat kin dit jier foar it earst net mear. Der wie noait in soad belangstelling foar de middeiskuiers, en omdat de gidsen dy't meirinne wol betelle wurde moatte, waard dat foar de organisaasje te djoer.
Fan kertier oer achten ôf gong alle oeren in groep fan start. Yn totaal hast 300 minsken. De groep dy't om kertier oer tolven starte, wie mei trettjin minsken it lytst.
De krystkuier yn Elslo is de âldste fan Nederlân, seit Hendrik Betten. Hy is der al 46 jier by belutsen. Allinne by de earste twa noch net. Dy waarden organisearre troch Vesuvius, dy't no bekend stiet om de nijjiersstunts.
It is rûzich waar yn Elslo, seit Betten. Der is wat storein, mar it is prachtich waar om te kuierjen. Tusken de beammen ha de kuierders net in soad lêst fan de wyn. "De natoer is prachtich, dêr wolle we de minsken fan genietsje litte. As se werom komme, binne se dik tefreden. Dêr dogge we it foar. En foar de snert nei ôfrin."