Tytsjerksteradiel wol skuldespiraal trochbrekke

It Gemeentehûs fan gemeente Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Tytsjerksteradiel wol minsken mei skulden earder helpe. Troch sa betiid mooglik help oan te bieden, wol de gemeente foarkomme dat de skulden fan minsken fierder oprinne. Sa moat it oantal ynwenners mei grutte finansjele skulden nei ûnderen brocht wurde.
De gemeente sil op skoallen lessen oanbiede wêryn't bern leare mei jild om te gean. Frijwilligers sille minsken mei skulden begeliede. Der wurde ek ôfspraken makke mei nutsbedriuwen en wenningkorporaasjes om betellingsachterstannen betiid te melden.
"Skulden leverje stress en oare sûnensproblemen op" seit wethâlder Houkje Rijpstra. ""Dat is foar de minsken sels slim, mar ek foar harren omjouwing. Der is dan faak gjin romte mear foar bygelyks wurkjen. Minsken reitsje yn in negative spiraal en dat soarget foar in hiele protte oare problemen. Dy sirkel moatte we trochbrekke."