Man fytst de sleat yn by Dokkum
Plysjes hawwe freedtejûn mei help fan omstanners yn Dokkum in man út it wetter rêden. Dy wie sa de sleat yn fytst by it Damwâldsterreedsje. It like derop dat er tefolle dronken hie.
De man is foar kontrôle meinaam nei it sikehûs.