De 16e Alvestêdetocht is no te sjen yn Ljouwert

Deteksjepoartsjes as alternatyf foar it stimpeljen yn de alve stêden binne gjin goed idee. Dat nimt de organisaasje fan de Alvestêdetocht seker net oer. Dat sei foarsitter Wiebe Wieling freedtejûn nei ôfrin fan de premjêre fan de reedrydteäterfoarstelling "De Tocht van Morgen" yn de Ljouwerter iishal. De teätermakkers litte sjen hoe't in Alvestêdetocht mei de techniken en social media fan hjoed-de-dei ferrinne soe. De Tocht van Morgen wurdt makke troch mear as 100 frijwilligers.
Keunstreedriders út Dútslân, Ingelân, Frankryk en Nederlân dogge der oan mei. De premjêre wie freedtejûn útferkocht. Fan de acht foarstellings dy't de kommende dagen hâlden wurde, binne ek al trije útferkocht. Oan ekstra foarstellings wurdt lykwols noch net tocht, seit regisseur Madelène van Beuzekom.
Ek de winners fan de Alvestêdetocht fan 1997, Henk Angenent en Klasina Seinstra, wiene freed by de premjêre fan it stik oanwêzich. It ferhaal fan De Tocht van Morgen is skreaun troch Romke Gabe Draaijer en regisseur Madelène van Beuzekom. It stik giet oer de toerriders Willem, Annet en Lolke, dy't allegear mei har eigen motivaasje begjinne oan de tocht en elkoar en harsels ûnderweis tsjinkomme. It is foar de earste kear dat der in teäterfoarstelling is yn de nije Ljouwerter iishal.