Wâldsein hâldt sfearfolle merk mei eigen keaplju

In sfearfolle krystmerk freed yn Wâldsein, dy't eins gjin krystmerk hjitte mei. Neffens de organisaasje krije in soad krystmerken hieltyd mear it karakter fan in winterske bradery wêryn kommersje de boppetoan fiert en krekt dat wolle se yn Wâldsein net. Dêrom prate se leaver fan in sfearmerk en binne it eins allegear keaplju út eigen doarp dy't in stand yn de pittoreske Midstrjitte ha. Fansels mei de tradisjonele poeiermolke en glühwein, mar ek mei Wâldseiner spek.
Ek partikulieren út it doarp ferkochten bygelyks selsmakke kryststikjes en cranberrys út de tún fan de bern op Flylân.