FIDEO: Brok wol 'bestjoerlike maizena' wêze yn Fryslân

De kâns om kommissaris fan de Kening yn Fryslân te wurden, komt mar ien kear yn je libben foarby en dan moatte je dy kâns gripe. Dat sei no noch boargemaster Arno Brok fan Dordrecht freed tsjin ferslachjouwer Andries Bakker. De ministerried hat him no offisjeel foardroegen as kommissaris fan de Kening. De beneaming giet op 1 maart yn en is foar in termyn fan seis jier.
Brok wol him graach rjochtsje op it bringen fan ferbining yn Fryslân. "Ik wol graach besykje om ideeën gear te bringen en minsken byinoar te bringen. Ik wol in bestjoerlike maizena wêze."
Besjoch de fideo foar it folsleine ynterview mei Arno Brok.