Weromsjen op 2016: in dûbeld drama foar Siepie Tomey

Wy binne hast oan ‘e ein fan 2016. Dêrom sjogge wy de kommende dagen werom op it jier mei minsken dy’t wat bysûnders meimakke ha en sa yn it nijs kamen. De ien troch in dramatyske gebeurtenis, de oar troch in opfallende aksje. Foar Siepie Tomey fan it 'Sa leuk hûs' yn Gytsjerk wie 2016 troch in brân en in stjergefal in dramatysk jier.
"Guus wie altyd ien fan, klear Siep, we meie wol efkes janke mar we moatte troch". Siepie Tomey moat troch, mar sûnder har man Guus. Hy ferstoarn 15 oktober ôfrûne jier. Siepie is sûnt dy datum allinne ferantwurdlik foar bewenners en persoaniel fan it 'Sa leuk hûs' yn Gytsjerk, in wenfoarm foar minsken mei in festanlike beheining.
Guus Tomey wie in ferneamde namme yn de Fryske brassbandwrâld. Hy dirigearre sawat 25 jier ferskate gospelkoaren, brassbands en fanfares. Op syn 45ste goait hy it roer folslein om en set útein mei it 'Sa leuk hûs'. It eardere kafee De Viersprong yn Gytsjerk wurdt ferboud ta wenhûs en yn in gebou derefter komme apparteminten dêr't seis bewenners in nij thús fine. Letter komt der oan de oare kant fan de dyk noch in lokaasje by. In trainingshûs dêr’t minsken learre om op harsels te wenjen.
Brân
Yn de nacht fan 14 op 15 july baarnt it foarhûs folslein ôf. Guus en Siepie binne krekt trije dagen op fakânsje yn Spanje. "Ik hie tsjin de soan sein, meist allinne belje as der ien dea is of by brân. En sa bellet hy, ik hearde fuort dat it mienens wie". Hals oer de kop komme se werom. It makket grutte yndruk op de bewenners. "De iene nei de oare sloech in earm om ús hals, moast gûle en krûpte op ús om". De wenningen fan de seis bewenners binne gelokkich net skansearre. Guus en Siepie meitsje fan in keale unit in tydlik ûnderkommen. Nei twa moanne kin der einliks begûn wurde mei de weropbou. In moanne letter komt de folgende klap.
'Hy is by my weirukt'
Op 15 oktober komt Guus hommels te ferstjerren. "Hy is by my weirukt sis mar, op in nacht en ik ha dien wat ik koe, ha noch reanimearre" fertelt Siepie emosjonearre. Guus wie al langer wurch, mar nei dokter woe hy net. Nei autopsy blykt dat kalk yn de ieren de oarsaak west hat. Siepie stiet der fan de iene op de oare dei allinne foar. Sûnt dy dei libbet se yn in roes: se hat it smoardrok, moat alles regelje. De ôfhanneling fan de brân, de weropbou, it gesin, it personiel en de soarch foar de bewenners. Mei hulp fan famylje, freonen en it team rêdt se it.
Siepie hat lilk west, Guus syn dea hie mei medisinen foarkommen wurde kinnen. Mar se wit ek dat Guus dit nea wollen hie. Se pakt alle dagen syn foto, om de dei troch de praten. Se giet troch. Se kin net oars. Ek foar Guus.
Harkje ek nei de reportaazje oer Siepie Tomey fan Buro de Vries op earste krystdei. Buro de Vries is alle sneinen te hearren by Omrop Fryslân op de radio tusken 11.00 en 13.00 oere.