Gemeente Menameradiel slút twa drugspannen

© Plysje
De gemeente Menameradiel slút twa drugspannen foar trije moannen. It giet om in wenning yn Deinum en in bedriuwsgebou yn Dronryp. Yn de wenning fûn de plysje op 13 oktober ûnder oare goed 1500 himpplanten. Op 7 novimber trof de plysje yn it bedriuwsgebou yn Dronryp goed 430 himpplanten oan.
Yn beide gebouwen lei ek guod dat brûkt wurdt foar de produksje en ferwurking fan himp.