Fryske bedriuwen yn de startblokken foar oanpak Ofslútdyk

By it fersterkjen fan de Ofslútdyk moatte lokale bedriuwen belutsen wurde. Dat smyt wurkgelegenheid op foar de regio. Dat seit wethâlder Maarten Offinga fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Offinga hat freed it Bidbook 'De Nieuwe Afsluitdijk' oerdroegen oan Rykswettersteat.
Dêryn steane 190 bedriuwen dy't oanjûn ha graach mei te wurkjen oan it fersterkjen fan de Ofslútdyk. Dêrfan binne 120 Fryske bedriuwen, de oare 70 komme út Noard-Hollân. It giet om bedriuwen yn de grûn-, dyk- en wetterbou, mar ek hoareka- en reklamebedriuwen.
Oannimmers dy't de Ofslútdyk fernije wolle, kinne it bidbook brûke. In ûndersyksburo hat útrekkene dat it de regio tusken de 200 en 400 tydlike banen yn it jier opsmite kin. By in útfieringstermyn fan fjouwer jier binne dat dus 800 oant 1600 banen.