Weromsjen op 2016: MS-pasjint Henk Strampel nei Meksiko

Wy binne hast oan ‘e ein fan 2016. Dêrom sjogge wy de kommende dagen werom op it jier mei minsken dy’t wat bysûnders meimakke ha en sa yn it nijs kamen. De ien troch in dramatyske gebeurtenis, de oar troch in opfallende aksje. Sa ek Henk Strampler út Ljouwert, dy't yn Meksiko behannele waard foar MS. 
"Ga maar even naar het restaurant voor een kop koffie, dan kunnen jullie het even verwerken". Mei dy wurden kamen Henk Strampel en Greetje de Vries by de dokter wei, dy't harren krekt ferteld hie dat Henk MS hat en dan de primêr progressive foarm. Dat betsjut dat de MS hurd taslacht en dat it proses fan achterútgong kontinu trochgiet. Henk wie nei in karriêre as muzikant, manager wurden en hy runde in artysteburo. Dêr moast er mei ophâlde. De situaasje like útsjochleas want primêre progressive MS is net te behanneljen.
It Meksikaanske aventoer
Mar dêr leit Greetje har net by del, se siket nei alternativen en fynt dy yn in stamselbehanneling dy't lykwols yn ús lân wol by kankerpasjinten, mar net by MS-pastjinten tapast wurdt. De risiko's soene te grut wêze, letterlik waard sein: "je bent gek als je dat wilt". Yn Meksiko wurdt de behanneling wol tapast, mar dat kostet wol 70.000 euro. Se kinne it jild gelokkich earst liene. Henk giet hurd achterút. As Henk nei Meksiko reizget, rint er mei ien kruk, mar "in Mexico moest Greetje me al aan de andere kant ondersteunen. Als het in dit tempo was doorgegaan, had ik binnen een paar maanden in een rolstoel gezeten en aan het eind van het jaar misschien wel in een verpleeghuis."
De behanneling
"Ik ben blij dat ik het heb gedaan", seit Henk, "al was het af en toe heel zwaar." Hy fielde him fuort nei de behanneling al better. It rinnen giet de iene dei wol better as de oare, it refalidearjen duorret tusken in jier en oardel jier. Hast noch slimmer as it minne rinnen troch MS, fûn Henk de mist yn syn holle. "Ik kon geen leuke verhalen meer schrijven en ook mijn Engels spreken ging opeens heel erg moeizaam." Neffens Greetje giet it ek hjirmei alwer in stik better: "Hij komt af en toe al weer eens scherp uit de hoek."
Takomst
Henk hat hjir noch net in dúdlik byld fan, is benijd hoe fier hy noch opknappe sil. Mar dat se sa fier kommen binne, komt foar in grut part, omdat se posityf yn it libben stean. Greetje ferwachtet dat it herstel noch fierder gean sil. As Henk weromsjocht op it jier 2016, is it earste wat by him opkomt: "Het was een achtbaan, je springt in het diepe, want je hebt niets te verliezen!" Hy is Greetje tankber, omdat dy har der net by dellein hat dat der neat mear oan syn sykte te dwaan wie. Sels hie er gjin enerzjy om fan alles út te sykjen, mar sy hat dat foar him oppakt. Greetje: "Het was een heftig jaar, maar toch ook wel mooi. Je komt dichterbij elkaar en bij andere mensen."
Keep Henk rocking
De behanneling yn Meksiko hat 70.000 euro koste, dat Henk en Greetje earst liene koene. Mei aksjes wurdt no besocht dat jild byelkoar te krijen. Greetje en soan Rémon hawwe dêr in stichting foar oprjochte: Keep Henk Rocking. Ynformaasje oer de crowdfunding is te finen op www.keephenkrocking.nl.
Harkje ek nei de reportaazje oer Henk Strampel yn Buro de Vries op earste krystdei. Buro de Vries is alle sneinen te hearren by Omrop Fryslân op de radio tusken 11.00 en 13.00 oere.