FNP wol ynsjoch yn kosten en resultaten evenemintefûns SNN

Website SNN © Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de FNP wol dúdlikheid hawwe oer de kosten takom jier fan it evenemintefûns fan SNN, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland. Fierder wol de partij dat de evaluaasje oer dit jier nei de Steaten stjoerd wurdt. De FNP hopet dat sa dúdlik wurdt wat it evenemintebudzjet fan SNN opsmiten hat foar Fryslân.
De partij fynt dat der no net genôch dúdlikheid is oer it gearwurkingsferbân. Sa binne op de webside fan de SNN wurklisten en ferslaggen dreech te finen en is de ynformaasje soms flink achterhelle, skriuwt de steatefraksje.