Drachtster húsdokter foar tuchtkolleezje nei dea fan pasjint

Húsdokter © ANP XTRA
In húsdokter yn Drachten hat in frou te let trochstjoerd nei it sikehûs, wylst se slim siik wie. Hy naam har klachten net serieus en seach net dat se útdrûge wie. Mei dy ferwiten stie de dokter foar it Regionaal Tuchtkolleezje foar de Sûnenssoarch yn Grins. De frou ferstoar yn maaie, koart nei de opname yn it sikehûs.
Har man en soan hawwe de klachten yntsjinne. De frou waard goed in moanne foar har ferstjerren oanriden op 'e fyts. Se hie dêrtroch pine op it boarst en stapte nei de húsdokter.
Dy konstatearre in kniezing. Se krige medisinen, mar de klachten waarden slimmer. De frou luts meardere kearen oan de belle by de húsdokter, mar dy sei dat se har net se oanstelle moast en dat de klachten foar in part psychysk wiene. Nei't hy har dochs ûndersocht hie, notearre er yn it ferslach "geen zieke vrouw''.
De frou iet yntusken net mear en dronk noch mar in hiel lyts bytsje. Nei it ferstjerren fan de frou hat de húsdokter gjin kontakt socht mei de famylje. Dy is oerstapt nei in oare dokter. It Tuchtkolleezje docht binnen seis wiken útspraak.