FIDEO: Fryske parasporters wolle ek sportman en sportfrou

Op it sportgala fan it NOC*NSF moat tenij ek in ekstra kategory komme foar paralympyske sporters, sa sizze guon Fryske paralympiërs. Der is no ien kategory foar alle paralympyske sporters, wylst der foar falide sporters in sportman en sportfrou keazen wurdt.
Tristan Bangma fan Donkerbroek is bliid dat der op it Frysk sportgala yn febrewaris wol in ûnderskied makke wurdt tusken paralympysk sportman en paralympysk sportfrou. Sa soe it by it lanlike sportgala ek wêze moatte, fynt er. "Jammer dat ze het hier nog niet doen. 14 genomineerden in een categorie is wel heel veel. Ik hoop dat NOC*NSF het in de toekomst ook wil gaan doen. Het verdient het wel."
"Je wurkje der hurd foar"
Liesette Bruinsma fan Wommels, dy't woansdei ferkeazen waard tot paralympysk sporter fan 2016, fynt ek dat der in kategory by moat. "Ik fyn wol dat it sa wêze moat. Paralympyske sport is krekt sa moai as Olympyske sport. Je dogge der itselde foar en wurkje der hurd foar, dus ik fyn wol dat der in ekstra kategory by mei."
Alyda Norbruis fan Oerterp wol noch in stap fierder gean. "Werom wurdt it net gewoan allegear yntegrearre en binne we allegear gelyk? Dat soe noch folle moaier wêze."
Diskusje
Wurdfierder Geert Slot fan NOC*NSF snapt dat paralympyske sporters dizze oprop dogge. "Maar ik vind het lastig om me voor stellen hoeveel prijzen er dan moeten komen."
Oer it yntegrearjen fan de prizen, lykas Norbruis foarstelt, is Slot noch net sa entûsjast. "De reden dat we dit gesplitst hebben, is omdat paralympische sporters de andere sporters eigenlijk nooit tegenkomen."
Slot snapt dêr't de rop om feroaring weikomt. "Verkiezingen zijn een jurysport. En jurysport is altijd voer voor discussie. Het belangrijkste is wat de sporters zelf willen. En daar zullen we naar luisteren."