Klaas Haijtema: "Ik bin frij, ik bin frij, ik bin frij"

Klaas Haijtema is bot ôffallen yn de finzenis yn Myanmar, mar fierder giet it goed mei him. Dat is dúdlik wurden nei't de âld-Wûnzer woansdei om 13.00 oere Nederlânske tiid frijlitten is. Haijtema siet trije moannen fêst omdat hy by in religieus feest in stekker út in fersterker lutsen hie. Haijtema belle sels mei syn âlden om har it goede nijs te fertellen. "Ik bin frij, ik bin frij, ik bin frij" sei er oan de telefoan.
"It wie wol eefkes emosjoneel" seit syn mem Leny. "Wy wisten derfan, mar wy wisten noch net hoe let. Wy wisten yn alle gefallen dat it woansdei gebeure soe. Willem (syn heit, red.) hie al frij naam, dus wy hawwe eins net iens op bêd west fannacht. Wy hawwe kontinu op Whatsapp west."
Fia de applikaasje koe de famylje Klaas Haijtema ek foar it earst yn moannen wer mei eigen eagen sjen. "Dan sjochst ek wol dat er gigantysk ôffallen is. Mar ek de bliidskip yn syn eagen wie te sjen" seit Leny. It docht bliken dat de finzenis yn Myanmar goed foar him soarge hat. "Dêr hawwe wy wol oer yn sitten." Wannear't hy thúskomt, is noch net dúdlik. Foarearst binne hy en syn freondinne earne oars om by te kommen fan alle ellinde en stress.