Provinsje jout stipe oan Omrop Fryslân foar programmearring

De provinsje Fryslân jout de kommende fjouwer jier jierliks mear as 655.000 euro oan Omrop Fryslân. Dat hawwe de steaten woansdeitemiddei unanym besletten. It jild moat brûkt wurde foar it yn stân hâlden fan de programmearring. De fraksje fan de PvdA die noch in oprop om it jild ek te brûken foar it fersterkjen fan de redaksje. Dit foarstel hat it net helle en waard letter wer ynlutsen. Neffens deputearre Poepjes is de redaksje ûnderdiel fan de programmearring.