Neeltje van den Brand siket jild foar har skûlskuorre

Neeltje van den Brand fan Aldebiltsyl is dwaande mei in livestream crowdfundingsaksje. Se wol jild sammelje om in skûlskuorre te bouwen yn har eigen hûs. Dêrom is se woansdeitemoarn om 9.00 oere begûn mei in aksje fan mienskipsstipe. Op ynternet freget se minsken wat te donearjen. As minsken 50 euro of mear jouwe, docht se in putsje foar de minsken. Lykas in promofilmke meitsje, in krystwinsk ynsprekke of gedichten skriuwen.
De dream foar in skûlskuorre hat Van den Brand al jierren. Dit komt om't se sels eartiids op strjitte telâne kaam fanwege in skieding. Op dat stuit hie se ferlet fan in feilich plak dêr't se har libben wer opbouwe koe. De skûlskuorre yn har hûs moat dat plak wurde foar oare minsken. Om't se sels it jild net hat foar de ferbouwing en de ynboel, docht se in crowdfundingsaksje yn De Aerden Plaats yn Aldebiltsyl. De aksje duorret noch oant tongersdeitemoarn 9:00 oere