Hege Ried fynt hegere straf Harnzer frou terjochte

© Omrop Fryslân
In 45-jierrige frou út Harns is yn heger berop terjochte feroardiele ta in hegere straf foar har rol by de moard op Jacob Vellinga yn maaie 2013. Dat seit de Hege Ried. De frou en in doe 37-jierrige Harnzer sloegen Vellinga yn syn eigen hûs mei in kneppel dea. De man krige in selstraf fan 10 jier en tbs oplein. De frou moast fan de rjochtbank 4 jier de sel yn, mar gie yn heger berop. Dat pakte net goed foar har út, want it gerjochtshôf feroardiele de frou ta 12 jier selstraf. Neffens de Hege Ried wie dat terjochte.