Tsjerklike argiven binne min tagonklik en net op oarder

De argiven fan de Fryske tsjerken binne der min oan ta. Dat is de konklúzje fan it ûndersyksrapport "Tink om de tsjerklike argiven". De argiven binne min tagonklik en net op oarder neffens de ûndersiker.
Dat is skande neffens de provinsje want dy argiven binne it kollektive ûnthâld fan Fryslân. Dêrom wol de provinsje mei de tsjerken en Tresoar wurkje oan in aksjeplan om de argiven te behâlden.