Coca-Cola fertoant Fryske reklame yn Grins

© Nicolaas Kraft van Ermel
Coca-Cola makket yn de stêd Grins yn it Frysk reklame. It colamerk hat yn Grins posters ophongen mei in krystman dy't oan in fleske cola sit en de tekst: Noflike Krystdagen Fryslân. It is net foar it earst dat in bedriuw yn Grinslân yn it Frysk reklame makket.
In pear jier lyn die supermerkketen Albert Heijn it ek, dat wie doe in fersin. Oft dat mei de posters fan Coca-Cola ek sa is, is noch net dúdlik.