Gemeenten sette BOCK yn foar feilich karbidsjitten

20 des 2016 - 06:00

By it karbidsjitten mei âld en nij moat yn tsien Fryske gemeenten in 'Bewust Oplettende Carbid Knaller' wêze. Dy 'BOCK' moat derop tasjen dat de regels foar it karbidsjitten neilibbe wurde. Dat hawwe de gemeenten bepaald.

Oanlieding foar de BOCK is it groeiend tal karbidslachtoffers fan twa jier lyn. It fjoerwurkbeslút fan 2014 hâldt yn dat der oerdeis gjin fjoerwurk mear ôfstutsen wurde mei. Dêrnei gie de jeugd manmachtich oer op it karbidsjitten. It gefolch wie op âldjiersdei 2014 folle mear jonge karbidslachtoffers mei slimme brânwûnen.

Drinte

It Brandwondencentrum Grins hat mei gemeenten yn Drinte de BOCK-kampanje betocht. Dêrtroch wiene der yn 2015 wer folle minder slachtoffers. No wurdt de kampanje útwreide nei Fryslân en Grinslân. Der dogge tsien Fryske gemeenten oan mei. Dat binne Dantumadiel, De Fryske Marren, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Frjentsjerteradiel, Opsterlân, Eaststellingwerf, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân en Tytsjerksteradiel. Tiisdeitemiddei is it startskot fan de BOCK-kampanje yn Fluitenberg yn Drinte.

Regels

De regels foar de Bewust Oplettende Carbid Knaller binne:
* Soargje foar in goede tarieding mei in fergunning fan de gemeente.
* Beskermjende maatregels as in feilichheidsbril en gehoarbeskerming.
* In molkbus mei in stevige boaiem. In plestik bal yn stee fan in molkbusdeksel.
* Soargje dat de molkbus net achterút sjitte kin nei it oanstekken.
* Stek de bus oan mei in fakkel op in stôk
* Gean noait op de bus sitten. Lit it publyk op feilige ôfstân stean.
* Soargje foar EHBO en blusmiddels, mocht der dochs wat ferkeard gean.

Trefwurden: 
karbidsjitten karbid BOCK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)