Oantal slachtoffers fûgelgryp stabyl

© Wetterskip Fryslân
It oantal slachtoffers fan de fûgelgryp dat fûn wurdt is op dit stuit stabyl. It liket sels in bytsje ôf te nimmen. Der binne snein wer sa'n 120 fûgels oprêden, dat gong om meldings fan it wykein en fan moandei. Mei-inoar binne der no sa'n twatûzen deade fûgels fûn.
Wetterskip Fryslân, natuerorganisaasjes en gemeenten hâlde ek de kommende dagen de situaasje skerp yn de gaten.