Hartekamp yn Easterwâlde siket nije bistefersoarger

Hartekamp De Balhof yn Easterwâlde hat driuwend ferlet fan in nije bistefersoarger. Fêste fersoarger Pieter Kromkamp (74 jier) hat it sawat tweintich jier dien, mar is no ophâlden.
It frijwilligerswurk wurdt no dien troch de minsken fan it bestjoer, mar dat falt net ta. Foarsitter Jannes Stoker is al 89 jier, en de bisten moatte wol alle dagen minstens ien kear fuorre wurde. Se wolle it kampke mei de harten, strúsfûgels, kninen en geiten al iepen hâlde, want elkenien yn de buert komt graach nei de bistjes te sjen.