Froskepôlle Ljouwert ôfsletten om waskbear te fangen

Rekreaasjegebiet de Froskepôlle yn Ljouwert is de kommende dagen ôfsluten. De plysje hat it stek nei it rekreaasjegebiet op slot set om in waskbear te fangen, dy't hjir sûnt in pear dagen omrint. It is oant no ta net slagge om it bist te pakken te krijen omdat der ek in soad hûnen op de Froskepôlle útlitten wurde.
De waskbear mei yn ús lân net mear als hûsdier hâlden wurde en kin gefaarlik wêze foar oare bisten. De Froskepôlle bliuwt ticht oant it bist fongen is.