"RIVM-rapport jout gjin dúdlikens oer gefaren keunstgers"

© Henk Bootsma
Wittenskippers binne it net iens oer de útkomst fan it RIVM-ûndersyk nei de feilichheid of ûnfeilichheid fan keunstgersfjilden mei rubber kerrels. Dat seit de NOS. Dy hat praat mei minsken dy't by it ûndersyk belutsen west hawwe. De útkomsten fan it ûndersyk wurde tiisdei bekend makke.
It ûndersyk waard dien neidat telefyzjeprogramma Zembla nei bûten kaam mei it nijs dat rubber kerrels op keunstgersfjilden mooglik kankerferwekkend binne. Dêrnei besleaten tal fan sportklups, ek yn Fryslân, der net mear op te spyljen.
De minsken dêr't de NOS mei praat hat, tinke net dat it dien is mei de diskusje, as it rapport fan it RIVM der leit. Se binne it der foaral net oer iens hoe wis oft it is dat it wol of net feilich is om te sporten op keunstgersfjilden.