Ynspeksjeflecht oer Waadgebiet: gjin fûgelgrypslachtoffers
In ynspeksjeflecht fan Rykswettersteat oer it eastlik Waadgebiet hat gjin nije fûgelgrypslachtoffers opsmiten. Rykswettersteat fljocht sawat tweintich kear yn it jier oer it Waadgebiet, normaalwei om te sjen oft de boeien allegearre noch op it goede plak lizze, en oft der gjin oaljelekkaazjes binne.
De ynspekteurs hawwe no ekstra oplet om te sjen oft der ek deade fûgels wienen.