Subsydzje foar fersterkjen leefberens yn Waadgebiet

© Waddenfonds.nl
Twa projekten dy't de leefberens yn it Waadgebiet fersterkje krije subsydzje fan it Waadfûns. De minsken dy't in doarpstún oanlizze wolle op Skiermûntseach krije hast 35.000 euro. Njonken dat der fan alles yn de tún plante wurdt, wolle de inisjatyfnimmers ek fan alles organisearre om it kontakt tusken de eilanners te ferbetterjen.
Ek komt der rom 20.000 euro foar it opsetten fan twa mobile ateliers, yn Dokkum en Ulrum dêr't minsken sûvenirs meitsje kinne fan materiaal fan it lân en de see. Doel is om âlde ambachtskeunst in nije ympuls te jaan.