Iepening hostel yn Blokhúspoarte rint fertraging op

De iepening fan it Alibi Hostel yn de âlde finzenis fan Ljouwert, de Blokhúspoarte, is útsteld. It hostel soe moandei iepenje mar dat is útsteld oant kommende freed. Der moatte earst noch in tal oanpassingen dien wurde mei it each op de brânfoarskriften. Troch it útstel fan de iepening hat it hostel in oantal gasten teloarstelle moatten, en ek it 'proefsliepen' koe net trochgean fanwegen tefolle boustof.
Sliepe yn in sel
Yn it hostel stean 63 bêden yn 22 keamers. De sliepsealen binne yn it efterste selleblok op de twadde en de tredde ferdjipping. It hostel hat benammen twapersoanskeamers mei steapelbêden, mar ek grutte sliepsealen dêr't santjin minsken sliepe kinne.
De priis foar in oernachting is tusken de 20 en de 60 euro. It idee foar it hostel komt fan fjouwer Ljouwerter freonen, dy't sels yn in soad yn hostels sliept hawwe yn Europa.