Bertesoarch S'berg slút letter

21 maaie 2012 - 23:17

De bertesoarch fan sikehûs De Sionsberg giet net op 1 augustus ticht, mar pas yn de rin fan 2013. It sikehûs en soarchfersekerder De Friesland hawwe dat moandeitejûn ôfpraat op in saneamde ekspertmeeting yn Swolle. De eksperts joegen it sikehûs it advys om rom de tiid te nimmen foar it oars regeljen fan de bertesoarch yn Noardeast-Fryslân.

It beslút om de ôfdieling bertesoarch te sluten wurdt net weromdraaid, mar allinnich útsteld. De Sionsberg krijt sa ek mear tiid om de fúzje mei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten te regeljen.

Woansdeitejûn is yn de Twadde Keamer in spoeddebat oer De Sionsberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)