Weststellingwerf stekt 13.000 euro yn ferskate projekten

It gemeentehûs van gemeente Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Weststellingwerf hat 13.000 euro beskikber steld foar ferskate inisjativen. De Vereniging Kleine Dorpen Weststellingwerf krijt 5000 euro. De feriening set him derfoar yn om minsken sa lang mooglik thús wenje te litten. Fia ferskate projekten wol de feriening de ynwenners wize op de mooglikheden dy't se hjirfoar ha.
Boyl krijt goed tûzen euro foar de opset fan in nij doarpsbelang. Trije studinten fan de NHL ûndersykje op it stuit wêr't ferlet fan is yn it doarp.
Pleatslik Belang Sonnegea-Aldetrine wol in AED oanskaffe. Dêr betellet de gemeente 1250 euro oan mei. Kuorbalferiening Leonidas yn Noardwâlde wol in keunstgersfjild. Se krije dêrfoar 5000 euro fan de gemeente. Dy fynt it foaral posityf dat Leonidas gearwurket mei it ûnderwiis en fuotbalferiening Olyphia.