Shorttrackfroulju pakke sulveren medalje op de ôflossing

© ANP
De shorttrackfroulju hawwe sneintemoarn in sulveren medalje helle op de ôflossing by de wrâldbeker yn Gangneung (Súd-Koreä). De Friezinnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries rieden mei Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof nei it twadde plak en lieten Sina en Kanada achter harren.
Allinnich Súd-Koreä wie flugger as de oranjefroulju. Foar Schulting en De Vries wie it in moaie ôfsluting fan in goed wykein.
Schulting helle earder op de dei de finale op de 1000 meter. Dêryn waard se nei in spannende fotofinish krekt fjirde. De Vries waard snein sechsde op de 500 meter, mar helle in dei earder ek de finale op de 1000 meter. Dêryn einige se, lykas Schulting, op it fjirde plak.