Itensbank Snits sammelet krystpakketten foar earmen

Foar lang net elkenien is krysttiid in gesellich feest mei lekker iten. Ut sifers fan dit jier docht bliken dat der wer mear minsken ûnder de earmoedegrins libje. Dêrom wurde der yn Snits wer krystpakketten ynsammele. It is foar de fiifde kear dat minsken harren krystpakket jaan kinne oan de itensbank yn Snits. Yntusken binne der al tsientallen binnen brocht. Dy komme allegearre op plakken dêr't der gjin jild is foar in krystmiel. Faak binne dat gesinnen dy't mar in pear tientsjes yn 'e wike ha om iten te keapjen.
De itensbank ferwachtet it nije wike drok te krijen mei minsken dy't harren krystpakket donearje wolle.