Jelke Faber út Marsum krijt in keninklike ûnderskieding

Lintsje © ANP
Marsumer Jelke Faber mei him tenei lid yn de Oarder fan Oranje Nassau neame. Faber krige dizze titel, mei it bybehearrende lintsje, sneontemoarn útrikt fan boargemaster Tom van Mourik yn it doarpshûs fan Marsum.
Faber (77) hat him 43 jier lang ynsetten foar it Koninklijke Nederlandse Korfbal Verbond (KNKV). Hy hat ûnder oaren trainer en skiedsrjochter west. Ek hat er meardere funksjes hân by de kuorbalklup fan Himpens. Dêrneist is er sûnt 2001 siktaris fan de Stichting Molens in Menaldumadeel. Ek docht er ûnderhâld fan mûnen.