Automobilist rydt troch read mei fleske bier yn de hân

Tsjoch! © ANP XTRA
In motorplysje hat freedtenacht yn Ljouwert in autobestjoerder oanhâlden. De man ried mei in fleske bier yn de hân. De plysje krige de man yn de gaten doe't dy troch it reade ljocht ried.
Doe't de man de plysje yn de gaten krige, die er it fleske gau ferside, mar doe wie it al te let. De man hie tefolle dronken, hy moast mei nei it plysjeburo.