IM: "Himpkwekers moatte tûzenen euro's werombetelje"

(argyffoto) © Anton Kappers
Tsjin twa himpkwekers binne freed by de Ljouwerter rjochtbank wurkstraffen easke fan 150 en 200 oeren en in moanne selstraf ûnder betingst. It giet om in 28-jierrige Harnzer en syn 29-jierrige neef út Amsterdam. It jild dat se fertsjinne ha mei de hannel, moatte se werom betelje, fynt it Iepenbier Ministearje.
Foar de Harnzer is dat 41.000 euro, syn neef moat 6500 euro betelje. Yn wenningen op ferskate lokaasje yn de stêd waarden ferline jier himpplantaazjes oprôle.
De Harnzer hie in himpplantaazje mei goed 200 planten boud yn in wenning oan de Nicolaas Baurstrjitte. Dêr wenne in freondinne fan syn Amsterdamske neef. Dizze neef hie in hûs yn de Troelstrastrjitte as postadres, dêr't oktober ferline jier ek in kwekerij mei 250 himpplanten oantroffen waard.
Tredde fertochte
Yn july hie de plysje al in kwekerij fûn mei goed 200 planten yn in wenning yn de Sint Jacobsstrjitte. De 29-jierrige bewenner, tredde fertochte yn dizze saak, tape de stroom yllegaal ôf en hie wetterskea feroarsake. Hy soe 19.000 euro fertsjinne ha mei de himptylt. De offisier wol dat er dat werom betellet.
Dizze man stie lykwols net foar de rjochtbank freed. Wêr't hy op it stuit is, is net bekend.