"Soad Friezen hawwe harren eigen taal net genôch yn macht"

De Ried fan Europa hat stevige krityk op Nederlân as it giet om it beskermjen fan de minderheidstalen Frysk, Nedersaksysk en Limburchsk. De Ried fan Europa fynt dat it ûnderwiis yn it Frysk folle better moat.
Der is no mar sa'n bytsje Frysk op skoalle, dat in soad Friezen de eigen taal skriftlik ûnfoldwaande yn de macht hawwe. Ek op guon trijetalige skoallen is it oantal oeren Frysk oan de meagere kant, sa skriuwt de Ried.
Rjochtbank
De Ried fan Europa kontrolearret ien kear yn de trije jier de neilibbing fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen út 1998. In 'kommisje fan eksperts' fan dy Ried wie yn maart yn Fryslân om de situaasje fan de taal te bestudearjen. It rapport fan dy kommisje is no iepenbier makke, mei dêrby in fiiftal oanbefellings oan de Nederlânske Ryksoerheid.
De posysje fan it Frysk is neffens de Ried fan Europa de lêste fjouwer jier achterút gien. De Ried is benammen besoarge oer de posysje fan it Frysk by de rjochtbank. Foarhinne like it rjocht om Frysk te praten dêr garandearre, mar op dit stuit, by de fusearre rjochtbank Noard-Nederlân, liket dat rjocht wer yn 'e kiif te stean.
Ek neamt de Ried it tige problematysk dat de rjochtbank op dit stuit mar ien erkende tolk Frysk hat. De Nederlânske autoriteiten wurdt dêrom frege om gau praktyske maatregels te nimmen om it rjocht om Frysk te praten op de rjochtbank te garandearjen.
Biltsk
Yn it rapport hat de Ried fan Europa ek omtinken foar it Biltsk. Dy taal is noch net offisjeel erkend, mar de gemeente It Bilt hat earder it jier wol erkenning oanfrege yn ferbân mei de gemeentlike weryndieling. De Ried fan Europa fynt dat de Ryksoerheid hjir gau in beslút oer nimme moat. It Nedersaksysk - dêr't it Stellingwerfsk ûnderdiel fan is - fertsjinnet neffens de Ried fan Europa de status fan 'regulier skoalfak'.
De Ried fan Europa is fierder ek kritysk oer hoe't Nederlân omgiet mei it Hânfêst foar minderheidstalen. Nederlân is struktureel te let mei it oanleverjen fan ynformaasje.
Fierder fynt de Ried dat de Ryksoerheid wurk meitsje moat fan in 'strukturele dialooch' mei sprekkers fan minderheidstalen oer de beskerming en promoasje fan dy talen. Yn Nederlân bestiet sa'n dialooch wol op gemeentlik en provinsjaal nivo, mar ûntbrekt soks op nasjonaal nivo folslein.
Oanrikkemedaasjes
It komitee fan ministers fan de Ried fan Europa formulearre op woansdei 14 desimber de folgjende oanrikkemedaasjes oan lidsteat Nederlân:
Mear ynformaasje oer de Ried fan Europa en it Hânfêst is te finen op ús Europablog.