"Tiid is ryp foar bêste manlike en froulike parasporter"

De ferkiezing foar bêste paralympyske sporter fan NOC*NSF nije wike woansdei soe eins ek opdield wurde moatte yn de bêste manlike en froulike parasporter. Dat skriuwt Anne van der Horst, de heit fan paralympysk amazône Rixt, tongersdei yn de Ljouwerter Krante.
De parasporters hawwe it de ôfrûne Paralympyske Spelen yn Rio poerbêst dien. Se kamen mei mar leafst 17 gouden, 19 sulveren en 26 brûnzen medaljes werom nei Nederlân. Fryske sporters hellen fiif kear goud, trije kear sulver en fiif kear brûns.
By it Nasjonale Sportgala fan NOC*NSF sil nije wike woansdei bekend wurde hokker persoan Parasporter fan it Jier wurdt. Dat kin sawol in man as in frou wêze. En dat is nuver, fynt Van der Horst. By de Olympyske sporters wurdt der nammentlik sawol in Sportman as in Sportfrou fan it Jier keazen. En ek Sport Fryslân kiest op 15 febrewaris 2017 sawol in manlik as in froulik Parasporter fan it Jier.
Tiid is ryp
"It binne topsporters, dy't dat ek sjen litte hawwen. En net allinnich yn Rio. Dan mei dat ek yn de wurdearring foar de parasporters wol mear omtinken krije", leit Van der Horst út. "De NOC*NSF stipet parasporters wol op ferskate gebieten, mar de tiid is no ek ryp om dat by it Nasjonaal Sportgala sjen te litten."
Van der Horst fertelt dat hy der thús mei syn dochter Rixt ek wol oer praat. "Sy fynt it ek hiel spitich dat NOC*NSF dat ûnderskied net makket. Dat Sport Fryslân dat no wol docht, is al in hiele moaie stap de goeie rjochting op."