Stim op it bêste idee om de soarch te ferbetterjen

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
By soarchfersekerder De Friesland binne mear as 100 goede ideeën yntsjinne om de soarch te ferbetterjen. Dêrút binne de 29 bêste útsocht en dêr kin no op stimd wurde. Dat kin oant en mei âldjiersdei fia www.debesteideeenvanfriesland.nl. De úteinlike top10 krijt in priis fan maksimaal 5000 euro. De útslach wurdt begjin takom jier bekend makke.
In pear ideeën binne: in beweechtún yn Teatskehûs Blauhús, in fitnesspark yn Terherne en in sportkoai yn Ternaard.