Studinten litte wc-ferljochting draaie op ritme fan de muzyk

De mobile húskes fan Verno © Omrop Fryslân, Andor Faber
Fryske studinten sille besykje mobile húskes fan Verno Materieel duorsum te meitsjen. It giet om in projekt fan NHL, Stenden, Van Hall Larenstein, Friese Poort en Friesland College.
Undersocht wurdt oft de húskes makke wurde kinne fan materiaal dat folslein opnij te brûken is. In oar idee is om de ferljochting op sinne-enerzjy draaie te litten of op it ritme fan muzyk.
Sûnt 2015 wurde elk jier fiif mobile húskes oanpakt. Earder koene keunsters en basisskoallebern mobile húskes beskilderje. It projekt rint oant en mei 2018, it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd is.